Baas komt mei nije wethâlders

Waarnimmend boargemaster Ton Baas
Tydlik boargemaster Ton Baas fan de gemeente Boarnsterhim makket tongersdei bekend wa't hy foardrage wol as nije wethâlders. Dat sille minsken fan bûten de gemeenteried wêze. Op 19 febrewaris stapte it folsleine kolleezje fan b. en w. fan Boarnsterhim op nei oanlieding fan grutte finansjele problemen.
Ton Baas is troch Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma oansteld as waarnimmend boargemaster om saken op oarder te stellen.