Stoflik omskot fûn yn Aalten

25 mrt 2009 - 18:48

Yn Aalten (Gelderlân) hat de plysje by it ûndersyk nei de fermissing fan Joanne Noordink in stoflik omskot fûn. Of it om de fermiste frou giet is noch net dúdlik. It stoflik omskot waard fûn by in ûndersyk yn en om de wenning fan in 32-jierrige man út Aalten dy't tiisdei oanhâlden is dizze saak.

Ofrûne moandei is al in 49-jierrige man út Eaststellingwerf oanhâlden foar heling. Hy wie yn it besit fan guod fan Joanne. De frou wurdt sûnt 11 desimber fermist.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)