Cambuur wol Matthijs

Paul Matthijs yn it tenue fan F.C. Grins
De nije gearwurking fan Cambuur mei FC Grins liket de Ljouwerters al in nije spiler op te smiten. Direkteur Alex Pama fan Cambuur seit ynteresse te hawwen yn Paul Matthijs. It kontrakt fan de 32-jierrige middenfjilder fan FC Grins rint nei dit seizoen ôf. Matthijs spile sûnt 1997 foar Grins en AZ.
Ek de Grinzer ferdediger Jeroen Veldmate (20) is kandidaat om nei Ljouwert te kommen. Hy sil dan troch FC Grins ferhierd wurde.