De Jong net nei SC Hearrenfean

© Omrop Fryslân
De Graafschapoanfaller Luuk de Jong komt kommend seizoen net nei It Hearrenfean. De Jong (18) hat wol in petear hân mei de nûmer fjouwer fan Nederlân. Der wiene berjochten yn ferskate media dat SC Hearrenfean ynteresse yn him hie.
Direkteur Yme Kuiper befestiget dat de lange spits gjin opsje is. De komst fan twa toptalinten út Masedonië en Servië hat dermei te krijen.