Wurk oan Ketelbrêge

25 mrt 2009 - 16:20

Rykswettersteat jout it advys oan ferkearsbrûkers om yn de spits de Ketelbrêge te mijen. Dizze hiele wike wurdt der wurke oan de brêge yn de A6 tusken Urk en Lelystêd-Noard. De ôfrûne dagen stiet it ferkear by de brêge oer de Ketelmar geregeld fêst. It ferkear wurdt mei buorden omlaat.

De brêge sels wurdt ek net betsjinne dizze wike. Skippen mei in mêst heger as 12 meter 70 moatte omfarre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)