Opkomst ynintings falt ôf

25 mrt 2009 - 16:17
  • GGD hie in hegere opkomst ferwachte

De opkomst by de yninting tsjin baarmoederhalskanker foar famkes yn Fryslân is útkommen op 52 prosint. Dêrmei sit Fryslân boppe it lanlike sifer fan 49 prosint. Woansdei wie de lêste dei dat de famkes tusken 13 en 16 jier de earste prik helje koene.

De opkomst is in stik minder as de ferwachte 80 prosint. Hast 16.000 Fryske famkes krigen in oprop foar yninting. Takom wike set de GGD yn Boalsert útein mei de twadde rûnde fan de ynintings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)