Cambuur helpt jonge wurkleazen

Cambuur helpt jongeren mei it krijen fan in wurkritme
Traine by Cambuur om wer in wurkritme te krijen. Njoggen wurkleaze jongeren dogge mei oan it projekt by de Ljouwerter fuotbalklup. In eardere groep wie suksesfol. Acht fan dy tolve dielnimmers sitte no yn in learwurktrajekt. It is in projekt fan de gemeente Ljouwert.
De dielnimmers krije op Werkstate kursussen en les yn sollisitearjen. Reyntegraasjeburo Fourstar besjocht oft se in passend leartrajekt fine kinne foar de jongeren.