Bern rinne foar goed doel

25 mrt 2009 - 11:13

Goed 800 skoalbern fan 21 skoallen ha woansdei rûn foar in goed doel. Se rûnen seis kilometer om jild op te heljen foar in wetterprojekt yn Mozambyk. Se moasten mei seis liter wetter op de rêch rinne. Sa koene se fiele hoe't it is om gjin wetter thús te hawwen, mar it kilometers fierderop ophelje te moatten by in wetterput.

Sponsoring fan de kuiertocht fan de bern moat genôch jild opbringe om yn it doarp Tete yn Mozambyk kranen oan te lizzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)