Stellingwerfsk moat yn Hânfest

Stellingwerfs moat erkenning krije
De gemeenten East- en Weststellingwerf wolle dat it Stellingwerfsk Europeeske erkenning krijt. Se ha in oanfraach by it Ryk yntsjinne mei de provinsjes Drinte, Grins, Oerisel en Gelderlân.
De oanfraach is in stap yn it proses om it Stellingwerfsk yn it Europeeske Hânfest foar minderheidstalen te krijen. De talen dy't yn dat hânfest opnommen binne, wurde beskerme fanwegen it belang fan dy taal foar it yn stân hâlden fan it kultureel erfguod fan de regio.