Gekke buordsjes yn Ljouwert

25 mrt 2009 - 09:38

Yn it sintrum fan Ljouwert steane sûnt koart lytse blauwe buordsjes mei teksten derop. By it stek op it Saailân dêr't earder de Mercuriusfontein stie, stiet in buordsje mei de tekst 'dit komt allemaal wel goed'. Dat soe ferwize nei de oerlêst dy't de bou fan it Frysk Museum mei him meibringt. Op oare plakken steane buordsjes mei teksten as 'erger je niet'.

It is net dúdlik wa't achter de buordsjes sit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)