Ungelokken op A32 en A7

Ek op de Anne Vondelingwei yn Ljouwert wie in ûngelok
Der binne woansdeitemoarn twa ûngelokken bard op de Fryske diken. Om goed 6 oere rekke op de A32 by Haskerdiken in frachtauto fan 'e dyk. De frachtauto rekke op 'e kant en skode de berm yn. De sjauffeur kaam mei de skrik frij.
Op de A7 by It Hearrenfean is in frou by de ôfslach rjochting De Jouwer fan 'e dyk rekke en it talúd ôfgliden. Sy is mei ferwûnings oan 'e holle mei de traumahelikopter nei it sikehús brocht.