Advys weryndieling fan Steaten

24 mrt 2009 - 23:34
  • Petear oer mei watfoar gemeenten Gaasterlân-Sleat weryndiele moat

De ried fan Gaasterlân-Sleat sil mei de Steaten om tafel oer in mooglike weryndieling. De ried wol prate oer de sitewaasje sa't dy der no hinne leit.

Gaasterlân-Sleat soe earst meidwaan mei de grutte Súdwesthoekegemeente, mar fûn dy te grut wurden en heakke ôf. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders spruts letter de winsk út te weryndielen mei Skarsterlân en Lemsterlân. Dat beslút kealle swier en soarge foar in soad opskuor binnen de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)