Simmer 2000 kriget ferfolch

Simmer 2000 kriget yn 2012 in ferfolch
De Friezereüny Simmer 2000 kriget in twadde edysje. Yn 2012 wurdt der op ´e nij in grut ynternasjonaal Frieze-evenemint organisearre.
Lykas by Simmer 2000 wurde Friezen fan oeral op de wrâld útnoege om werom te kommen nei Fryslân, mar dit kear wurde ek yn oare lannen kulturele eveneminten organisearre foar Friezen om utens. Doel is dat it heitelân oeral op de wrâld ûnder de oandacht brocht wurdt.