Mear as 800 dielnimmers BCD
De jierlikse Bedriuwe Kontakt Dagen hawwe net te lijen fan de ekonomyske resesje. Mei mear as 800 standhâlders is de beurs foar it Fryske sakelibben yn Ljouwert mear as fol.
Fan in krisisstimming is yn it WTC-Expo gjin inkelde sprake. Earder it tsjinoerstelde: de beurs telt 842 dielnimmers, 100 mear as ferline jier. Guon ûndernimmers moasten sels teloarsteld wurde. Der wie gjin plak mear.