Pasjinten út polder nei Snits

24 mrt 2009 - 12:41

Der wurde hieltyd mear pasjinten behannele op de intensive care-ôfdieling fan it Antoniussikehûs yn Snits. Dat komt ûnder oare omdat de lêste jierren hieltyd mear minsken út de Noardeastpolder nei it sikehûs komme. It ôfrûne jier kaam 10 persint fan it tal pasjinten dêrwei, wylst dat 4 jier lyn noch mar 2 persint wie.

Ek troch de fergrizing en de bettere behannelingsmooglikheden is it tal pasjinten op de IC omheech gien. De IC is dêrom mei ien bêd útwreide.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)