Terpstra mooglik nei KNSB

Doekle Terpstra
Ald-Wytmarsumer Doekle_Terpstra wurdt mooglik de nije foarsitter fan it reedridersbûn KNSB. De 52-jierrige Terpstra soe dêrmei de opfolger wurde fan Jacob_Reitsma, de hjoeddeiske boargemaster fan Wymbritseradiel en Carel Paauwe, dy't de funksje ek in skoft ferfold hat.
Terpstra wie earder foarsitter fan it fakbûn CNV en is no foarsitter fan de HBO-ried, de koepel foar it heger beropsûnderwiis yn Nederlân.