Roorda makket rentree mei goal

23 mrt 2009 - 21:59

Hearrenfeanspiler Geert Arend Roorda hat nei hast in jier blessuereleed syn rentree makke mei in doelpunt. Yn de wedstriid mei Jong Hearrenfean tsjin Jong Feyenoord skoarde er yn de earste helte de 1-1. Roorda spile goed in oere mei. Op 8 maaie 2008 rekke er blesseard oan syn knibbel.

Jong Hearrenfean ferlear wol mei 4-2. Donovan Deekman soarge krekt foar rêst noch foar 2-2, mar nei it skoft rûn Feyenoord út nei in 4-2 oerwinning.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)