Snits kriget wer iisbaan

23 mrt 2009 - 16:48

De keunstiisbaan yn it sintrum fan Snits kriget in ferfolch. De iisbaan lei yn desimber yn de stêd en der ha doe 3000 bern op riden. De stichting ´IIs yn Snits´ is tefreden oer dat tal en wol besykje om desimber 2009 wer in baan iepen te stellen. Dêrfoar sille wol sponsors socht wurde moatte.

De stichting besiket mei de iisbaan jild yn te sammeljen foar it goede doel. Dat is de Stichting Leergeld yn Snits dy´t him ynset foar bern dy´t it finansjeel net breed hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)