Legere straffen foar Blijsters

23 mrt 2009 - 15:53

Twa ynwenners fan Blije, dy´t moandei foarkomme moasten fanwege de âldjiersûngeregeldheden, hawwe legere straffen krigen as easke. Tsjin de manlju wie 300 euro boete easke. De rjochter oardielde dat iepenbier geweld net bewiisd wurde koe en lei harren 100 euro de man op.

Tsjin ien fan ´e twa wie ek noch 20 oeren wurkstraf easke, mar dat wiisde de rjochter ek ôf. Foar it yn besit hawwen fan fiif yllegale flinterbommen krige er wol in boete fan 500 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)