'Neisoarch begjint te betiid'

Aaien ha no net folle kâns, tinkt it BFVW
It neisoarchseizoen foar aaisikers komt te betiid. Sûnt sneintemoarn meie aaisikers gjin ljipaaien mear meinimme omdat de limyt fan goed 6000 aaien berikt is. Dat betsjut dat it neisoarchseizoen oardel wike earder begjint as foarhinne.
Neffens de neisoarchkommisje fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten BFVW hawwe de aaien dy´t no lein wurde net folle kâns fan slagjen. It ûnlijige maartske waar fersterket dat effekt.