LC ien dei fergees op ynternet

23 mrt 2009 - 14:53

De ynternetferzje fan de Ljouwerter Krante fan moandei 23 maart stiet fan moandei- oant tiisdeitemiddei fergees op ynternet. De krante hat dat besletten omdat in soad abonnees harren krante moandei op 'e nij in stik letter krije fanwege in technysk mankemint oan de nije drukparse.

Fanwege de steuring moat de krante opnij printe wurde op de parse fan it Dagblad van het Noorden yn Grins. De ynternetferzje is in folslein oersjoch fan de deistige krante.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)