Man hellet plysje yn: boete
In 38-jierrige man fan De Jouwer hat sneintetejûn yn Rûgehuzen mei fierste folle gong in plysjeauto ynhelle.
De Jouster ried 132 kilometer ´e oere op in dyk dêr´t je op syn hurdst mar 70 kilometer ´e oere ride meie. De man hat in boete krigen. Hy moast ek syn rydbewiis ynleverje.