Aaisykkontrôles gean troch

23 mrt 2009 - 10:50

De provinsje sil net ekstra strang kontrolearje op it yllegaal sykjen fan aaien no't de aaisykperioade foarby is. Wol wurdt de kontrôle fan de ôfrûne wiken trochset. Dat betsjut dat kontroleurs fan 'e provinsje in soad it lân yn sille.

Minsken dy't se tsjin komme sille se altyd oansprekke om te sjen oft se net oan it aaisykjen binne. By oertredings kinne de kontroleurs in boete útskriuwe. Snein waard it 6431ste aai fûn en dermei is it aaisykseizoen oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)