Ald- en nij-sitting rjochtbank

Ien fan 'e bewiisstikken op de sitting: in fernield ferkearsboerd
De rjochter hat de earste útspraken yn de spesjale âld- en nij-temasitting foar de Ljouwerter rjochtbank dien. De sitting begûn moandei om 9 oere en sil de hiele dei duorje. Mei-inoar moatte 25 minsken foarkomme dy't mei de jierwiksel foar oerlêst soarge hawwe.
It Iepenbier Ministearje easket swierdere straffen as oars omdat der yn 't foar in soad omtinken jûn is oan de oanpak fan it âldjiersgeweld. De swierste straf oant no ta is 80 oeren wurkstraf foar in fjochtpartij.