Epke Zonderland pakt sulver

22 mrt 2009 - 18:00
  • Epke Zonderland (foto: Martin de Jong)

Epke Zonderland hat de wrâldbekerwedstriden yn Cottbus (Dútslân) snein ôfsletten mei in twadde plak op it rek. De turner fan De Lemmer kaam ta in skoare fan 15.050.

It goud gong nei de Frânsman Yann Cucherat. Syn skoare wie 15.775. It brûns wie foar de Eastenriker Marco Baldauf mei 14.875. Jeffrey Wammes pakte it goud op de sprong en waard fjirde oan it rek mei in totaalskoare fan 14.650.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)