Mishanneling yn Dokkum

© Omrop Fryslân
In 16-jierrige jonge út Dokkum is yn de nacht fan sneon op snein oanholden foar mishanneling fan in jonge (18) út Brantgum. De Brantgumer spruts op de Oranjewal surveillearjende plysjes oan. Hy sei dat er koart dêrfoar by in hoarekagelegenheid mishannele wie.
De fertochte en in 17-jierrige jonge út Mitselwier soene noch by de hoarekagelegenheid stean. Dêr koene de plysjes yndied de Dokkumer oanhâlde. Syn kammeraat kaam letter ek op it buro. Nei ferhear mochten se wer gean.