Ljouwerter mei bakstien slein

22 mrt 2009 - 17:34

Twa manlju binne sneontejûn yn Ljouwert oanholden op fertinking fan iepenlike geweldpleging. Om 23.00 oere kaam by de plysje in melding binnen dat der fochten waard op de Weaze. Op it plak praten plysjes mei in man (52) út Ljouwert dy't in flinke ferwûning oan de holle hie.

De man sei dat er mei in bakstien slein wie. Op basis fan in sinjalemint koene de plysjes de fertochte, in 21-jierrige man út Lelystêd, yn de Poststrjitte oanhâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)