Hynder en wein op 'e rin

22 mrt 2009 - 17:20

In hynder en wein is sneontemiddei op de Dúnwei op Skylge op 'e rin slein. It hynder wie nei alle gedachten skrokken fan in wapperjende flagge, wêrnei't er der fantroch gong en de karre oer de kop sloech.

De 75-jierrige bestjoerder út Hoarne krige de kar boppe-op him. Hy is op it plak sels behannele troch ambulânsepersoniel en dêrnei mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)