Wieb Rodenhuis net nei PKC '83

22 mrt 2009 - 17:08

Wieb Rodenhuis wurdt kommend seizoen net de nije trainer fan de sneonshaadklasser PKC '83 út Grins. Rodenhuis, no noch trainer fan De Jouwer, hie de ôfspraak makke mei it PKC-bestjoer dat er in assistint-trainer meinimme mocht.

Ofrûne wike kaam it bestjoer hjirop werom. Rodenhuis moast gebrûk meitsje fan in assistint-trainer fan PKC. It net neikommen fan de ôfspraken wie foar Rodenhuis de reden om net trainer te wurden fan PKC '83.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)