Kooistra wint Frysk damjen

Frysk damjen foar froulju yn Lollum
Marije Kooistra fan Wolsum hat sneon yn Lollum har titel Frysk damjen mei sukses ferdigene. De froulju wiene dit jier tige oan in oar weage. Under mear Gepke Koopman ferlear fan Marije Kooistra yn in winnende stân doe't Marije har troch de tydslimyt dreau.
Yn de finale tusken Marije Kooistra en Hennie de Haan krige Marije al gau in lyts foardiel en boude dit fierder goed út. Se wûn oertsjûgjend en krige hjirmei de haadpriis: in privee-optreden fan Piter Wilkens.