Freeze on Friday yn maityd

© Omrop Fryslân
Dit jier is de pre-party fan it Freeze-festival, mei de namme Freeze on Friday, kompleet fernijd. It feest stiet no op eigen fuotten en is ferskood nei de maityd.
Freeze on Friday is in inisjatyf fan stifting Friesland Pop yn gearwurking mei de Ljouwerter hoareka. Reden foar de fernijing is dat Friesland Pop fanôf dit jier nij talint ûntwikkelje wol. It fernijde konsept fynt plak op 17 april yn it sintrum fan Ljouwert, yn ferskate hoarekagelegenheden.