Dancetour wer nei Ljouwert

22 mrt 2009 - 13:01

Ek dit jier bringt de Dancetour, in fergees iepenloft dancefeest, in besite oan Ljouwert. Mei dit festival foar ien dei draaie der ferskate DJ's, ynternasjonaal likegoed as lokaal talint. De DJ's dogge santjin stêden yn Nederlân oan.

Nammen dy't al bekend binne, binne: Marco V, DJ Chuckie, Ferry Corstenen it DJ-duo Samsobeats (Sidney Samson en Gregor Salto). It festival fynt plak op 5 july. It feest wurdt yn Ljouwert holden op it Aldehoustertsjerkhôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)