Kadaster ferhuzet nei Grins

© Omrop Fryslân
By it kadaster yn Ljouwert wurde moandei de lêste doazen ynpakt. De meiwurkers ferhúzje nammentlik nei in nij kantoar yn Grins. It kadaster krijt tsjintwurdich hast gjin minsken mear oan de baly's, omdat saken folle mear fia de telefoan en fia ynternet ôfhannele wurde.
It tal kantoaren kin dêrtroch nei ûnderen. De Ljouwerters komme no yn ien kantoar mei de meiwurkers fan it âlde kadaster-kantoar yn Grins.