Ambassadeur net nei Burgum

© Omrop Fryslân
De ambassadeur fan Nepal hat syn besite oan Tytsjerksteradiel fanwege persoanlike omstannichheden ôfsein. De ambassadeur soe nije wike sneon yn Burgum it startskot jaan fan de Slach om 'e Mar, in hurdrinwedstryd dy't foar de sechtjinde kear hâlden wurdt.
De ambassadeur wie útnoege, omdat de opbringst fan de wedstryd nei in trainingssintrum foar minsken mei sjochproblemen yn Nepal giet. Dat soe mei de opbringst fan de wedstryd opset wurde kinne.