Wurk Hooglandgemaal set útein

22 mrt 2009 - 08:36

It wetterskip begjint nije wike mei de útwreiding fan it Hooglandgemaal yn Starum. It gemaal kin nei de útwreiding tweintich prosint mear wetter fuortmealle. Dat is nedich omdat der troch de klimaatferoaring hieltyd mear wetter te ferwurkjen is.

Neist de útwreiding krijt it gemaal ek in opknapbeurt. Boppedat is it aanst op ôfstân te betsjinjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)