Minder smoargens yn Lauwersmar

Frijwilligers makken it nasjonaal park skjin (foto Nationaal Park Lauwersmeer)
Sechtich frijwilligers hawwe sneon Nasjonaal Park Lauwersmar skjinmakke. Se fûnen yn it gebiet 15 kúb smoargens, dat wie tsien kúb minder as ferline jier. Under it fûne smoargens wiene ûnder oare twa boatsjes en ôffal fan in hennepplantaazje.
Under de frijwilligers wiene bewenners fan Lauwerseach, natuerleafhawwers en persoanielsleden fan Staatsbosbeheer. Dy lêste organisaasje hie ek it inisjatyf naam foar de skjinmakaksje.