Lêste konsert Pigmeat

22 mrt 2009 - 08:06
  • Sytse Haima en Jankobus Seunnenga

It Fryske duo Pigmeat hat sneon syn lêste konsert jûn. Dat waard dien yn in útferkochte seal yn Jirnsum. Neist in soad Friezen wiene dêr bygelyks ek fans út de oare Noardlike provinsjes, út Den Haach en sels út België.

Pigmeat spile op it konsert sa'n tritich nûmers, wêrûnder 'Herman moest naar Brada' en 'I saw the light'. It duo waard foarme troch Jankobus Seunnenga en Sytse Haima. Sy hawwe tweintich jier tegearre muzyk makke. Beide fine it no tiid foar wat nijs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)