Aris hurd ûnderút yn eigen hûs

Aris-spiler Merlijn van der Meulen
De basketballers fan Aris_Friesland binne sneontejûn tsjin in bêste domper oanrûn. Yn it eigen Kealledykje wie Bergen op Zoom fierstente sterk. De einstân wie 68-101 en it ferskil rûn dus op ta 33 punten.
Fan it begjin ôf oan wiene de besikers de bettere. Aris ferdigene min en nei it earste kwart stie it al 12-26. Dat gat waard allinnich mar grutter. Jayme Miller en Matt Bauscher kamen beide ta 14 punten. Tongersdei spilet Aris de útwedstriid tsjin Nijmegen.