Sterke manlju lûke hout

Sterke manlju hawwe sneon yn Drylts mei beamstammen lutsen en sjoud. Dêr waard it 100-jierrich bestean fan de Alvestêdeferiening fierd.
Elke moanne binne der aktiviteiten yn ien fan 'e alve stêden. Dizze moanne is dat Drylts. Om't dat in âlde houtstêd is, hat Wout Zijlstra wedstriden mei hout betocht. It hout waard eartiids brûkt yn it redensfabryk fan Nooitgedagt. De winner wurdt beneamd te kening fan it hout.