Hurd ride sûnder helm

21 mrt 2009 - 14:07

De plysje hat freedtenacht in jonge fan sechstjin jier oanhâlden omdat er hiel hurd sûnder helm op syn skooter oer de súdlike rûnwei fan Snits riedt. Doe't er de plysje yn de gaten krige, naaide de jonge op de skooter út. Hy die syn ferljochting út en fleach dwers troch de berm nei it fytspaad ta.

By de Wâldfeartbrêge koe de plysje de jonge ynhelje. Hy hat in bekeuring krige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)