Kondukteur slein mei boek

© Omrop Fryslân
In 46-jierrige treinkondukteur út Stiens is freedtejûn yn de trein fan Ljouwert nei Snits troch in reizger slein mei in boek. By de kaartsjeskontrôle die de man klierich tsjin de kondukteur en skold him út. Doe't de kondukteur trochrûn, achterfolge de man him en sloech him mei in boek.
Op stasjon Bûtenpost is de fertochte, in 38-jierrige man út Roden, troch de plysje út de trein helle en opsluten op it plysjeburo.