Tsjerke Akkrum: 250 jier

© Omrop Fryslân
De Terptsjerke fan Akkrum hat freed de feestlikheden foar it 250-jierrich bestean iepene mei in musical. Mear as tachtich frijwilligers hawwe in heal jier lang wurke oan de musical Met de groeten van Paulus. Alle foarstellings binne útferkocht. De kommende moannen trede de Harmoniekapel en beide shantykoaren fan it doarp op. Fierders wurde der tal fan eksposysjes ynrjochte, toanielstikken opfierd en komt der oare ek in Krystkonsert.