Betrape mei 62 ljipaaien

21 mrt 2009 - 11:37

De plysje fan Gelderlân hat by Hedel trije Friezen betrape op it meinimmen fan ljipaaien. De plysje kaam har op it spoar nei in tip. De trije, manlju fan 62, 59 en 49 út Harich en Sondel, hiene 62 ljipaaien yn har auto lizzen.

De plysje hat proses-ferbaal tsjin de manlju opmakke. De aaien binne troch meiwurkers fan in natuerorganisaasje werombrocht nei de nêsten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)