KNSB-priis foar Sjinkie Knegt

© Omrop Fryslân
Sjinkie Knegt (19) út Bantegea hat freed op it KNSB-gala 'Schaatser van het jaar' yn Hilversum by de shorttrackers de oanmoedigingspriis krigen. Knegt behelle dit seizoen ûnder oare in nominaasje foar de Olympyske Spelen fan takom jier yn Vancouver.
Earder waard al bekend dat Sven Kramer foar de tredde kear útroppen is ta 'Schaatser van het jaar'. Ek hy krige syn priis by it KNSB-gala útrikt.