Van der Duim heale finalist

© Omrop Fryslân
Antal van der Duim is heale finalist fan it future-tennistoernoai yn Albufeira (Portugal). De tennisser fan Finkegea wie yn de kwartfinale folle sterker as de Switser Dylan Sessagesimi: 6-3 en 6-2.
Van der Duim is no heale finalist. Yn dy heale finale is Raemon Sluiter syn tsjinstanner. Sluiter, dy't oan syn twadde tenniskarriêre begûn is, wûn ek hiel maklik. De Spanjaard Javier Marti waard mei 6-2 en 6-1 oan 'e kant setten.