Fernielers Wommels oppakt

20 mrt 2009 - 20:50

Seis jongeren út Littenseradiel hawwe bekend saken fernield te hawwen yn Wommels. Dat diene se yn de nacht fan 14 op 15 febrewaris. Doe waard ûnder oare in tal strjitlampen en in saneamde 'blikvanger' fernield.

De jongeren yn de leeftyd fan 18 oant en mei 20 jier waarden de ôfrûne wiken oppakt. De plysje kaam se op it spoar nei oanwizings fan tsjûgen. Alle seis hawwe in proses-ferbaal krigen. De skea troch de fernielings rint yn de hûnderten euro's.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)