Kijlstra mei net ûntslaan

20 mrt 2009 - 18:34

Kijlstra Beton yn Drachten krijt fan UWV Werkbedrijf gjin tastimming om fiif wurknimmers dien te jaan. Neffens it UWV is der by it bedriuw romte om har oan it wurk te hâlden. Kijlstra hat no mei de fakbûnen ôfpraat dat de fiif in oar plak krije. Dat wurdt dien yn de foarm fan in reorganisaasje, wêrby ek oaren fan baan feroarje meie. Kijlstra wol noch twa wurknimmers dien jaan. Foar ien fan har hat it UWV wol tastimming jûn, by de oare moat it beslút noch naam wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)