Lekker ite mei Guus Meeuwis

20 mrt 2009 - 15:59

In opmerklik tafrieltsje freed op 'e middenstip fan it Abe Lenstrastadion: televyzjekok Reitse Spanninga stie dêr tegearre mei sjonger Guus Meeuwis iten te sieden. Meeuwis wie op It Hearrenfean om it diner foar te priuwen dat de promininte gasten fan syn konserten yn juny krije.

Meeuwis sil op 5 en 6 juny yn it stadion optrede mei konserten ûnder de namme Ut en Thús. Thús stiet foar it Philipsstadion yn Eindhoven en Ut foar It Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)