Njoggentich MADD-inisjativen

20 mrt 2009 - 15:20

Yn Fryslân dogge dit wykein njoggentich organisaasjes mei oan de Make a difference day (MADD). Yn Donkerbroek holp personiel fan 'e pleatslike bank bygelyks op harren frije dei mei it ôfnimmen fan in enkête om mear frijwilligers te krijen foar aktiviteiten yn it doarp.

Se giene it bûtengebiet yn om minsken te benaderjen by te springen as frijwilliger. De aksje slagge, want de dei smiet tal fan nije oanmeldings op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)