Ofskie fan B en W yn Grou

20 mrt 2009 - 14:39

Yn Grou koe freed ôfskied naam wurde fan boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim. It kolleezje stapte op 19 febrewaris kollektyf op. Grutte finansjele problemen en it mislearjen fan it brede-skoalleprojekt makken dat boargemaster Schadd en wethâlders De Vries, Minkes en Van der Meulen har ûntslach oanbeanen.

Ton Baas is no waarnimmend boargemaster yn 'e gemeente. Nije wethâlders binne der noch net, mar dy wurde binnen twa wike ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)